Welpemfamkes B, troch inoar lotsje mei ferliezersronde, 11 partoer
Ien krâns bleaun yn Mantgum. Foar de finale spyle it Frysk Jeugd Harmony Orkest foar omsittend laach, finalisten en foar de winners fan de A-klasse it Frysk folksliet. Jennie en Anniek kamen yn de finale troch te winnen fan Pytrik en Angela mei 5-1 en 6-2 dernei wûnen sy fan Alien en Aluca mei 5-4 en 6-2 op de tredde list wûnen se fan Nynke en Andrea mei 5-4 en 6-9. Yn de finale wisten Jennie en Anniek te winnen fan Anna Berber en Janieke, de útslach wie 5-1 en 6-4. De twadde priiswinners kamen yn de finale troch te winnen fan Sigrid en Alize( de winners fan de ferliezersronde) mei 5-5 en 6-6, op de twadde list wûnen sy fan Rixt en Sjoukje mei 5-3 en 6-2. Op de tredde list hienen sy in steand nûmer
1e priis: Jennie Terpstra, Mantgum en Anniek Folkertsma, Folsgare
2e priis: Anna Berber Porte, Wommels en Janieke Dijkstra, Easterein
3e priis: Nynke de Schiffart, Tzum en Andrea Kroes, Gauw
Ferliezersronde:
1e priis: Sigrid Bokma Leeuwarden en Alize Bootsma, Wommels
2e priis: Sanne Hijlkema, Gauw en Thea Hijlkema, Jorwert
Geplaatst op 17 August 2008